Soargen oer it woanskip

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter ûndersykskommisje "t Woanskip mut terug" makket him grutte soargen oer it orizjinele woanskip. It woanskip waard in pear wike lyn stellen en is sûnt dy tiid poater. Omdat it wenarkje net winterklear is, is de kommisje benaud dat it skip no skânsearre reitsje sil as gefolch fan lekkaazje en befriezing.
De kommisje wol 'it Woanskip' út it liet fan Anneke Douma in fêst lisplak jaan yn 'e Ljouwerter museumhaven.