Ratelband lûkt mar bytsje folk

07 des 2002 - 00:00

De publike belangstelling foar de besite fan Emile Ratelband oan Drachten wie sneon minimaal. De sprekbeurt fan 'e kandidaat-listlûker fan Leefbaar Nederland luts mar ien belangstellende en in hânfol sjoernalisten.

Ratelband die sneon in bliksemtoernee troch seis kiesdistrikten om him foar te stellen oan partijleden en oare belangstellenden. Njonken Drachten die Ratelband sneon ûnder oaren ek noch Emmeloord, Swolle en Arnhim oan.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)