Film 'De Overval' op DVD

07 des 2002 - 00:00

It Fersetsmuseum wol de film 'De Overval' op DVD útbringe. It is 40 jier lyn dat de film oer de befrijing fan fersetsminsken út de Ljouwerter finzenis útkaam. Foar it Fersetsmuseum oanlieding om fan snein ôf in útstalling oer 'de kreak' sjen te litten.

Fan 20 desimber ôf is 'De Overval' ek yn it museum te sjen. Ferskate spilers en skiedskriuwer dr. Lou de Jong sille de earste fertoaning bywenje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)