Kameleon 'stellen'

© Omrop Fryslân
De Kameleon is tongersdeitenacht fuorthelle. It giet om de boat dy't yn kameleondoarp Terherne brûkt wurdt om mei toeristen te farren. De Kameleon soe ferve wurde, en lei dêrfoar by in spuiter yn Jirnsum. Freed die dêr bliken dat de boat fuort wie.
Yntusken ha de 'dieven' al bekendmakke dat it om in fyt fan in âldjiersploech giet. Trije jier lyn waard it boatsje ek stellen. Doe kaam it op nijjiersdei tefoarskyn yn Easterein.