Op besite by dykferheging

06 des 2002 - 00:00

Wetterskip Fryslân hat freed in besite brocht oan de seedyk by de Lemmer en it TNO-laboratorium yn Emmeloard. Dêr wurdt wurke oan de ferheging fan de dyk nei in nivo dat de kommende desennia heech genôch is.

It Wetterskip kin foar de ferheging de kennis fan TNO út Delft brûke. Dat test hoe sterk oft de diken binne. TNO hat dêrfoar in stik fan de dyk by Harns neiboud. Neimakke golfslach moat sjen litte wat de dyk ha kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)