Sibbele Hietkamp oerfallen

© Omrop Fryslân
Sibbele Hietkamp fan Kollumersweach is freedtemoarn oerfallen yn syn wente oan de Foarwei. De man, fan 85 jier, waard wekker fan lûd yn syn hûs. Doe't er it bêd útkaam waard er slein en stutsen mei in mes. Hietkamp leit yn it sikehûs.
De ynbrekker slagge der yn om mei jild út te naaien. Neffens it slachtoffer giet it om in tweintichjierrige blanke man. De plysje wurket mei tsien man oan de saak. Fjouwer wike lyn wist Hietkamp in ynbrekker fuort te jeien.