Interliner wurdt Q-liner

© Omrop Fryslân
De noardlike streekferfierders Arriva en NoordNed ferfange de Interliner troch in nije foarm fan lange-ôfstâns- ferfier. Ek komt der in ein oan de gearwurking mei de NS wat de kaartferkeap oanbelanget.
Der komt ien unifoarm systeem foar it flugge en eksklusive ferfier, de saneamde Q-liner. De feroarings moatte 1 jannewaris yngean. Arriva is fierder fan doel om nije bussen foar de Q-liner oan te skaffen.