Nije steigers troch wimpelaksje

06 des 2002 - 00:00

Der komme nije steigers yn de Swemmerrûte. Dat is it farwetter tusken de Burgumermar en de Lauwersmar. Ek krije de ôffalbakken op de oanlisplakken in wat miljeufreonliker oansjen.

De jierlykse wimpelaksje fan de Freonen fan de Marrekrite makket dit mooglik. Op it stedhûs fan Snits waard freed 59.000 euro oerlange oan rekreaasjeskip De Marrekrite. It jild komt fan 13.000 boatbesitters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)