Dijkstra yn bestjoer Cambuur

06 des 2002 - 00:00

Ingenieur Douwe Dijkstra wurdt mei yngong fan 1 jannewaris 2003 bestjoerslid by fuotbalklub Cambuur. Dijkstra komt fan Readtsjerk en wurket by enerzjybedriuw NUON as relaasje- manager foar de provinsjes Fryslân en Noard-Hollân.

Dijkstra wurdt by Cambuur bestjoerslid foar de akkommodaasje en feiligens. Hy folget Ritske Merkus op, dy't algemien direkteur wurdt. It bestjoer bestiet dan wer út trije minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)