Jongerein krijt hingplak

06 des 2002 - 00:00

De jongerein fan Surhústerfean krijt in moetingsplak mei in skatebaan by sportpark 't Ketting yn it doarp. Dat wol B&W fan de gemeente Achtkarspelen.

De gemeente wol ek in moetingsplak op it parkearterrein by supermerk C1000 realisearje. Omwenjenden fan beide plakke wurde begjin takom jier ynformearre oer de plannen. De realisaasje fan mooglike moetingsplakken foar de jongerein is yn it doarp al in skoft in heikel punt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)