Friezinne op tredde plak list LN

© Omrop Fryslân
Haitske van der Linde (22) stiet op it tredde plak op de list fan Leefbaar Nederland foar de lanlike ferkiezings. Van der Linde waard berne yn Utrecht, mar is grutbrocht yn Nijemardum.
Se is net bliid mei Emile Ratelband as kandidaat-listlûker fan Leefbaar Nederland. Mocht Ratelband op de list komme, dan lûkt Van der Linde har werom. Dat sil snein dúdlik wurde op it kongres fan Leefbaar Nederland.