Slagter nije direkteur Thialf

© Omrop Fryslân
Lourens Slagter is de nije ynterim- direkteur fan iisstadion Thialf. Slagter is per direkt beneamd as opfolger fan Joop van Bekkum, dy't de sike direkteur Marijke Migo ferfong. Van Bekkum koe syn oare wurksumheden net mear kombinearje mei it wurk foar Thialf.
Thialf sit al in skoft yn de finansjele swierrichheden. Der is in tekoart fan goed 1,25 miljoen euro. Om dat op te lossen wurdt der in stifting oprjochte.