Podden stellen foar LSD-trip

© Omrop Fryslân
Der binne trije giftige podden stellen út in bistespesjaalsaak yn Ljouwert. Wa't oan de podden slikket, makket in LSD-eftige trip mei, dy't wol sân oeren duorje kin. Eigner Richard Mastenbroek warskôget foar de bywurkings dy't hjirby optrede kinne, lykas it útfallen fan guon spierfunksjes.
De podden binne weinommen út de bistespesjaalsaak oan de Sudergrêftswal yn Ljouwert. Flakby de saak is in deiopfang foar ferslaafden.