Wenlêsten geane flink omheech

© Omrop Fryslân
Bewenners fan plattelânsgemeenten moatte takom jier mear jild betelje oan de gemeente. Yn 2003 geane de wenlêsten (ozb) mei yn trochsneed sân prosint omheech. Dat is trije kear mear as it ferwachte ynflaasjesifer.
Benammen minsken dy't in eigen hûs ha en minsken mei in leech ynkommen wurde dupearre troch de ferheging. De Feriening Eigen Hûs die by hûndert gemeenten ûndersyk. Der wienen seis Fryske gemeenten by.