Lêst wetterskip earlik ferdiele

© Omrop Fryslân
De provinsje moat better neitinke oer de finansiering fan it nije wetterskip Fryslân. Dat fynt VNO/NCW-Noord, de wurkjouwersorganisaasje. As de fúzje yn 2004 in feit is, betelje boeren minder wetterskipslêsten en eigners fan beboude grûn mear. VNO/NCW fynt dat de lêsten earlik ferdield wurde moatte oer alle ynwenners.
Deputearre Steaten nimme freed in beslút oer de ferdieling fan de lêsten fan it nije wetterskip.