V/H De Gemeente krijt priis

© Omrop Fryslân
Stichting V/H De Gemeente hat dit jier de Margareta de Heer-priis krigen. De kulturele priis fan de gemeente Ljouwert is woansdei útrikt. De priis, in oarkonde en jild, is foar persoanen of ynstellingen dy't mei byldzjende keunst dwaande binne. Neffens de sjuery is it V/H De Gemeente slagge in goed keunstklimaat yn de haadstêd op te setten troch har gearwurkingsferbân.
Fjouwer jier lyn waard de priis takend oan byldzjend keunstner Ra van der Hoek.