Mear prate by Friese Land

04 des 2002 - 00:00

By Het Friese Land moat de feilichheid en de kommunikaasje better. Meiwurkers fielden har ûnfeilich en koenen dêr net oer prate. Troch de ûnfrede oer it belied ûntstie der in krisis. Trije fan de fjouwer direkteuren krigen dien. Dêrtroch naam de ûnrêst noch mear ta.

Ut ûndersyk komt nei foaren dat der mear iepenheid komme moat. Ek ferantwurdlikheid nimme en plezier yn it wurk binne belangryk. Mei it personiel wurdt dizze wike praat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)