Groep oppakt yn Snits

04 des 2002 - 00:00

De plysje fan Snits hat sân minderjierigen oppakt op fertinking fan in grut tal ynbraken en fernielings. De groep soe it ôfrûne jier 26 kear taslein hawwe yn 'e stêd. It giet om bern tusken de 13 en 17 jier. In iepenbiere skoalle yn de wyk Tinga waard acht kear besocht troch de groep. Yn de measte gefallen namen de dieders drank, snobbersguod en spulkompjûters mei. Alle dieders ha in proses-ferbaal krigen

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)