Kleaster mooglik werboud

03 des 2002 - 00:00

Kleaster Claercamp by Rinsumageast wurdt mooglik wer opboud. De gemeente Dantumadiel besjocht oft de bou helber is en yn watfoar foarm. It eartiids machtige en rike kleaster stie der fan de tolfde oant de sechtjinde ieu. Mei it kleaster hopet de gemeente in belangrike toeristyske attraksje te krijen. Undersyk moat útwize oft der subsydzjes oan te freegjen binne. It is noch net dúdlik hoefolle oft it idee kostet.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)