Gjin panyk yn Fryske musea

03 des 2002 - 00:00

De grutte diamantroof moandei yn it Haachske Museon hat yn Fryslân net ta ekstra befeiliging laat. Dat is neffens de musea net nedich om't se de befeiliging op oarder ha. Boppedat binne der minder weardefolle saken te sjen om't de fersekeringspreemje dan te djoer wurdt.

Yn it Willem van Harenmuseum op It Hearrenfean is meikoarten in útstalling oer sulver. Der komt wol ekstra befeiliging foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)