Undersyk nei 'foarkestekken'

03 des 2002 - 00:00

De fuotballer yn Surhústerfean dy't snein in tsjinstanner mei in foarke stuts, is skrast troch de klub. De 16- jierrige jonge út it asylsikerssintrum yn Gruttegast soe it dien ha nei't ien fan it oare team út Jobbegea rassistyske opmerkingen makke ha soe.

Dat is net sa neffens de klub dy't sa lilk is dat se net mei de klub út Surhústerfean prate wol. De tuchtkommisje fan de KNVB stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)