'Dakleazen per gemeente opfange'

© Omrop Fryslân
Dakleazen en ferslaafden moatte safolle mooglik yn harren eigen gemeente opfongen wurde. Dat fynt direkteur Van Anken fan dakleazeopfang De Terp yn Ljouwert. Hy reagearret dêrmei op in projekt yn de gemeente Lemsterlân dêr't ferslaafden aanst wenbegelieding krije.
Neffens Van Anken soe dat yn alle Fryske gemeenten sa moatte. De Terp kin dan besjen oft de ferslaafden yn Ljouwert opfongen wurde moatte of dat se yn de gemeente sels te plak kinne.