Provinsje ûndersiket wen-ferlet

03 des 2002 - 00:00

De provinsje sil ûndersykje wêr't ferlet fan is op it mêd fan wenjen. In fraach is bygelyks hokker wenten starters, allochtoanen of senioaren hawwe wolle.

It lêste wenûndersyk waard fiif jier lyn hâlden. Neffens deputearre Andriesen is sa'n ûndersyk nedich om't de Fryske wentemerk hurd feroaret. Der steane gjin huzen mear leech en der is in tekoart oan goedkeape hierwenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)