Eangst foar te min plysjes

03 des 2002 - 00:00

De gemeente Skarsterlân rekket mooglik plysjeminsken kwyt as it azc oar jier ticht giet. Dêr warskôge boargemaster Kuiper moandei foar by de behanneling fan it Wurkplan 2003 fan de plysje.

Skarsterlân hat no 17 plysjeminsken, mar hat rjocht op 24. Mei de komst fan it azc krige de gemeente rjocht op trije ekstra plysjes. De boargemaster is benaud dat de plysje 3 minsken fan de besteande 17 fuorthellet. It tekoart wurdt dan noch grutter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)