Miljoeneskea by autobedriuw

© Omrop Fryslân
De brân by autobedriuw Mars, yn Ljouwert, hat foar miljoenen skea oanrjochte. Sneontenacht sette in grutte brân it bedriuw yn ljochte lôge. De resjerzje docht noch ûndersyk nei de oarsaak fan de brân. Mars kaam earder yn it nijs fanwege stellen auto's dy't der ferkocht wurde soenen.
By de brân ûntstie in soad reek. De brânwacht koe lykwols foar it earst gebrûk meitsje fan kamera's dy't oanjouwe wêr't it waarmer is.