Ferlanglistje frege fan Harnzers

© Omrop Fryslân
De gemeente Harns spilet dit jier foar Sinteklaas. It kolleezje fan B en W hat de ynwenners fan 'e gemeente oproppen har winksen op in listje te setten en op te stjoeren. Dy winsken moatte al út te fieren wêze en foar meardere ynwenners fan belang.
De gemeente sil nei in ynventarisaasje sjen oft de winsken takom jier út te fieren binne.