Swarte Piten teste ûnderwizers

02 des 2002 - 00:00

Swarte Piten ha moandei de ûnderwizers op de Hasperskoalle yn Akkrum in test ôfnommen. Sinteklaas hie heard dat it der min foarstiet mei it nivo yn it basisûnderwiis en dêrom stjoerde er de Piten der op út om te sjen hoe't it yn Akkrum mei de learkrêften stie. Gelokkich krige elk in foldwaande foar de Pite-test dy't ek net al te dreech wie. De Piten woene mei har aksje omtinken freegje foar it belang fan goed ûnderwiis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)