Mishanneling yn Ljouwert

01 des 2002 - 00:00

In 25-jierrige Ljouwerter is sneontenacht op it Ruterskertier yn de haadstêd mishannele troch in man fan 20 jier út Akkrum. It slachtoffer besocht in rûzje del te bêdzjen. Sûnder oanlieding krige er in fûstslach yn it gesicht. Under syn linkereach hie er flinke wûne.

De fertochte is troch portiers fan hoarekagelegenheden yn de buert oanwiisd en koe oanhâlden wurde. Hy hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)