Man mei mes stutsen

01 des 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

In ynwenner (47) fan It Hearrenfean is sneontenacht mei in mes stutsen. Yn in steech oan de Munnikstrjitte besocht er in man fan him ôf te hâlden dy't him stutsen hie. It slachtoffer siet ûnder it bloed en hie snijwûnen yn it gesicht.

De fertochte, in man (24), is oanhâlden. Hy is op it buro ynsletten. It slachtoffer is yn it sikehûs behannele. It mes is net oantroffen. De rûzje soe gean om in famyljekwestje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)