Toer Menaam is yn minne steat

01 des 2002 - 00:00

De restauraasje fan de tsjerketoer fan Menaam is djoerder as begrutte. It kostet 250.000 euro mear. It opknappen wie nedich om't stiennen fan de toer nei ûnderen foelen. Nei ynspeksje fan de oannimmer en de arsjitekt die bliken dat de toer der minder oan ta is as earst tocht waard.

De kosten wurde rûsd op 850.000 euro. It tsjerkebestjoer moat no noch 75.000 euro ekstra op it kleed lizze. Hoe't se dat dwaan sille, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)