Jeroen de Vries twad by maraton

01 des 2002 - 00:00

Jeroen de Vries fan Sint Nyk is sneon twad wurden by it maratonreedriden yn Amsterdam. Frânsman Michaud wûn de sande wedstriid fan de KNSB/Essent Cup en Angenent waard tred. Peter de Vries út Oranjewâld waard tsiende. Yn it algemien klassemint stiet Bertjan van der Veen fan De Jouwer tredde.

By de froulju wie Jenita Hulzebosch-Smit sneon de rapste. Petra Grimbergen fan It Hearrenfean is twad yn it algemien klassemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)