Fûle brân yndustryterrein Hemrik

01 des 2002 - 00:00

By in brân op yndustryterrein De Hemrik yn Ljouwert is sneontenacht autobedriuw Mars ôfbaarnd. It fjoer ûntstie yn it garaazjediel fan it gebou. De brânwacht koe mar mei muoite de fûle brân ûnder kontrôle krije. Fanwegen gefaar op eksploazje koe de brânwacht it pân net yn.

In grut tal weinen is slim skansearre troch de brân. De oarsaak fan de brân is net bekend. De plysje slút brânstichting net út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)