Aksje GGD tsjin ûnfeilige seks

© Omrop Fryslân
De GGD Fryslân fierde sneon aksje foar feilich frijen. It winkeljend publyk yn Ljouwert koe by in kream op it Waachplein ynformaasje krije. Neffens de GGD is dat nedich, want it docht bliken dat der hieltyd mear minsken wer geslachtssyktes oprinne troch ûnfeilich te frijen.
Opfallend is dat it tal aids-gefallen yn Fryslân gelyk bleaun is. Snein is it Wereld Aids Dag. Oer de hiele wrâld is der dan omtinken foar aids.