Plysjenijs

30 nov 2002 - 00:00

In 54-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan freed op sneon berôve fan syn beurs. De man rûn oer it Molenpad nei hûs, doe't er troch fjouwer jongens fêstpakt waard. Ien fan harren pakte de man syn beurs mei 100 euro deryn ôf.

De plysje trof freedtenacht yn Snits in mishannele man oan. De 23-jierrige Snitser hie tsjin in parkearde auto pisse. De eigner fan de auto hat de man doe in klap jûn en is fuort riden. De Snitser moast nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)