Kramer fiert FNP oan

© Omrop Fryslân
Johannes Kramer fan Sibrandabuorren is de nije listlûker fan de Steatefraksje fan de FNP. Dat hat de partij freed yn Wurdum besluten by it gearstallen fan de list foar de Steateferkiezingen yn maart.
Kramer folget Jan van der Baan op. Annigje Toering stiet twad de op de list. De leden dy't no yn de Steaten sitte, Douwe Bylsma en Lolke Folkertsma steane op it tredde en fjirde plak.