Plannen Martiniwyk fersteld

30 nov 2002 - 00:00

It op 'e nij strukturearjen fan de Martiniwyk yn Wolvegea duorret langer. De fertraging fan in healjier komt om't bewenners tsjin sloop en renovaasje fan goed 200 huzen binne. Der is net goed mei de bewenners praat, jout de wenningboustifting ta.

No prate se wol mei de buert en passe it plan oan. De gemeente Weststellingwerf moat de plannen noch goedkarre. Pas yn de simmer fan 2003 kin mei de werynrjochting begûn wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)