Dochs fergunning foar Frisia

29 nov 2002 - 00:00

De gemeente Frjentsjerteradiel wol dochs in fergunning jaan oan sâltwinningsbedriuw Frisia. Earder spruts de gemeente him út tsjin nije boarrings nei sâlt. Frisia driget lykwols in skeaclaim fan miljoenen yn te tsjinjen as der gjin fergunning komt.

Neffens B en W is de gemeente net troch de knibbels gien fanwege dy driging. De fergunning soe der komme om't it bedriuw foldocht oan de easken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)