Learlingestaking fanwege imam

© Omrop Fryslân
Sa'n 35 learlingen fan it Fryslân Kolleezje ha freed staakt. Se wolle mei har aksje protestearje tsjin de frijspraak fan imam El Moumni. Ien fan de learlingen fielt him diskriminearre troch de omstriden útspraken fan de imam oer homoseksualiteit.
De inisjatyfnimmer woe mei de aksje it ûnderwerp yn omtinken bringe. It Fryslân Kolleezje hat foar de staking in diskusje organisearre om de learlingen neitinke te litten.