Oanhâlding yn Vaatstra-saak

© Omrop Fryslân
It resjerzjeteam dat ûndersyk docht nei de moard op Marianne Vaatstra hat tiisdei in fertochte oanholden. Nei fergeliking fan DNA-materiaal die bliken dat de fertochte de dieder net wêze kin. De man is yntusken wer frijlitten.
Marianne Vaatstra fan de Westerein waard trijeëninheal jier lyn fermoarde by Feankleaster. Justysje hat yn de rin fan de tiid in stikmannich fertochten oanholden, mar de dieder siet der net by.