Stik Tryater opfierd yn Amearika

© Omrop Fryslân
It stik 'Geweld Nee!' fan Tryater wurdt yn maart opfierd yn Amearika. Akteurs fan in selskip yn Atlanta sille it spylje op in Highschool. Tryater ûntwikkele 'Geweld Nee!' in pear jier lyn nei oanlieding fan de dea fan Meindert Tjoelker.
It stik is bedoeld om middelbere skoalle-learlingen neitinke te litten oer sinleas geweld. It is yntusken hûnderten kearen spile op skoallen yn Fryslân, de rest fan Nederlân en Wales.