Desimo nimt oar bedriuw oer

© Omrop Fryslân
Gruthannel Desimo yn Ljouwert nimt Tomas Gruthannel BV yn Stadskanaal oer. By de gruthannel yn Stadskanaal wurkje 11 minsken. Desimo hat 45 minsken yn tsjinst. Binnen in jier sil de namme fan Tomas Gruthannel ek feroarje yn Desimo.
Neffens direkteur Velstra fan Desimo is it doel om beide festigings fierder gewoan yn stân te litten. Desimo gruthannel hat sawat 1000 klanten. Dêrby is in grut oantal bakkers.