De Jouwer dwaande mei FC Grins

© Omrop Fryslân
Sportklub De Jouwer is drok dwaande mei de tariedingen foar de Amstel Cup wedstriid tsjin FC Grins. Trener Hollander traint syn spilers yntinsyf foar de belangrike wedstriid nije wike woansdei tsjin de Grinzers.
De kaartferkeap rint goed, al is it noch net útferkocht. Der wurdt in ekstra tribune boud foar supporters en sponsors. Mei elkoar kinne 4000 minsken de wedstriid bywenje.