Alvestêdebrêge moat opknapt

28 nov 2002 - 00:00

It Alvestêdebrechje yn Frjentsjer wurdt tongersdei út elkoar helle. It brechje is oan in grutte opknapbeurt ta. De brêge is in belangryk diel yn de rûte foar kuierders nei de binnenstêd.

Dochs moat de brêge derút om restaurearre te wurden. Guon planken binne ferrot. Ek de leuningen binne net feilich mear om't se lossitte. It opknappen kostet 18.00 euro en duorret fjirtjin dagen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)