Oare bedriuwen yn Adverium

© Omrop Fryslân
It Adverium wol mear hierders en besikers nei Drachten lûke. Dêrom wurdt begjin takom jier in reklamekampanje hâlden. It Adverium hat no inkeld bedriuwen dy't op it mêd fan duorsum bouwen dwaande binne, mar wol tenei in grutter ferskaat fan oanimmers ha.
Dat soe it Adverium rêde moatte, want nei de problemen by Westerbaan dy't in grutte hierder is, liket de takomst foar it Drachtster kompleks net al te fleurich.