Goedkeaper mei de taksy

27 nov 2002 - 00:00

Trije taksybedriuwen út Dokkum en Holwert sille gearwurkje yn it projekt Regiotaxi. Der komme fiif fêste haltes yn de omjouwing, dêr't yn- en útstapt wurde kin.

Ynwenners fan Dongeradiel, Dantumadiel en It Amelân kinne no in stik goedkeaper mei de taksy. Binnen in straal fan 15 kilometer kostet in ritsje fan hûs nei in halte 0,25 euro. In twadde passazjier mei fergees mei. Bûten de regio kostet it 1 euro de km.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)