Feemerk Ljouwert offisjeel iepen

27 nov 2002 - 00:00

De feemerk fan Ljouwert is woansdei offisjeel iepene troch direkteur De Jong fan it FEC. Hy die dat mei it stikken slaan fan in fles sjampanje.

De merk is eins al oardel jier wer iepen, mar alle fergunningen fan it ministearje fan lânbou binne no pas binnen. Foar bygelyks in goedkard waskplak moasten grutte ynvestearrings dien wurde. Dy soene betelle wurde troch gemeente en provinsje, mar binne foarsketten troch it FEC sels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)