Fris 2000 net by ferkiezings

© Omrop Fryslân
De politike parij Fris 2000 fan de Ljouwerter Chris van den Berg docht dochs net mei oan de Twadde Keamer- ferkiezings. De ynskriuwing yn it kiesregister is te djoer. Van den Berg miende dat it 450 euro kostje soe, mar om't er him ek yn alle kiesdistrikten ynskriuwe litte moat, komt der nochris goed 11.000 euro by.
Van den Berg hat mei Fris 2000 twa kear meidien oan de gemeenteriedsferkiezings yn Ljouwert. Dat wie sûnder súkses.