Wûnseradiel moat plannen fernije

© Omrop Fryslân
Sawat 60 persint fan alle bestimmings- plannen yn de gemeente Wûnseradiel binne net mear fan dizze tiid en moatte op 'e nij makke wurde. It ministearje fan VROM hat dat nei ûndersyk konkludearre. Ek fynt it ministearje dat de gemeente net goed genôch kontrolearret oft de ynwenners harren wol hâlde oan bgl. in boufergunning.
Neffens in lanlike noarm moatte bestimmingsplannen minimaal ien kear yn de tsien jier op 'e nij besjoen wurde.