Untslaggen by Vitens

26 nov 2002 - 00:00

By Vitens moatte 250 fan de 1250 banen ferdwine yn de kommende fiif jier. It wetterliedingbedriuw is ûntstien nei in fúzje fan tal fan bedriuwen yn ferskate provinsjes. Neffens de direksje fan Vitens sille der gjin twongen ûntslaggen falle. Banen wurde oerstallich om't nei de fúzje effisjinter wurke wurde sil.

In foardiel fan de fúzje is dat it omheech gean fan de priis fan wetter nei alle gedachten beheind bliuwt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)