Hegeman nei Heracles

© Omrop Fryslân
Marc Hegeman, ferdigener by SC Heerenveen spilet de rest fan it seizoen foar sportklub Heracles. Hegeman (26) makket it seizoen op hierbasis by de earste divyzjeklub út Almelo ôf.
Hegeman kaam yn de simmer fan 2001 fan Emmen nei It Hearrenfean. Hy spile lykwols mar acht kompetysjewedstriden. Hegeman wurket yn Almelo wer mei Verbeek dy't earder assistint-trener by de Fryske klub wie.